Bendiks Cazemier
Bendiks Walter Cazemier (Starum, 5 jannewaris 1931) wie in Fryske boargemaster.
Cazemier waard berne yn Starum, dêr't syn heit Otto Samuel Cazemier as predikant stie. Noch yn syn bertejier ferhuze de famylje nei Dalfsen, dêr't hy opgroeide.[1] Hy begûn syn amtlike karriêre yn 1950 yn Zwollerkerspel en wurke dêrnei by ferskate gemeentes, hy wie ûnder mear amtner op de gemeentesekretary en haadkommys.
Hy waard boargemaster fan de gemeente Drylts (1964-1970) en fan Wymbritseradeel (1970-1984). Yn 1984 waarden by in gemeentlike weryndieling de eardere gemeentes Drylts en Wymbritseradeel gearfoege ta de gemeente Wymbritseradiel. Cazemier wie dêrnei oant 1993 boargemaster fan de nij foarme gemeente.[2] Hy hie meardere byfunksjes en wie ûnder oare foarsitter fan de Fryske Wyldskeakommisje en sekretaris fan it sintraal bestjoer fan Talma Rustoorden.[3] Fan 1993 - 1994 wie hy waarnimmend boargemaster op It Amelân. Hy wie lid fan de CHU en letter fan it CDA.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|