Baai fan Benyn
De Baai fan Benyn of Bocht fan Benyn is in baai foar de kust fan West-Afrika, yn it noardwesten fan de Golf fan Guinee en part fan de Atlantyske Oseaan. De baai rikt fan Kaap ''Three Points'' yn Gana yn it westen oant de Nigerdelta yn Nigeria yn it easten, dêr't de baai oergiet yn de Golf fan Bonny. Tuskenyn lizze noch de lannen Togo en Benyn.
De baai is bekend om syn driigjende tijen en hat lange tiid ferbûn west mei de slavehannel. De kusten fan de baai hjitte Goudkust en Slavekust.