Arabieren
Mei Arabieren wurde meastentiids minsken oantsjutten dy't de Arabyske taal as memmetaal hawwe.
Geografyske lizzing
bewurkje seksjeIt gebiet dêr't Arabysk sprutsen wurdt is mear as 6500 km grut, fan de Atlantyske Oseaan oant de Arabyske See. Yn dat gebiet wenje 206 miljoen minsken.
Definysje fan Arabieren
bewurkje seksjeIt wurd "Arabieren" kin betiizjend wêze. Ek wurdboeken jouwe net altyd deselde omskriuwing foar it wurd. In protte minske tinke dat religy it wichtichste kritearium ynhâldt en dat alle Arabieren moslim binne, wat wis net altyd it gefal is. Alhoewol't it grutste part fan de Arabieren op 'e wrâld islamitysk is, libje der ek kristlike Arabieren yn lannen as bygelyks Egypte, Libanon, Syrje en Irak.
Guon beheine it wurd ta de minsken dy't yn in de regio berne binne, dêr't de Arabieren oarspronklik wei kamen, lykas it Arabysk skiereilân. De earste Arabieren wienen fan Semityske komôf.
Neffens de islamityske tradysje stamme de Arabieren krekt as de Joaden ôf fan Abraham (Arabysk: Ibrahim), waans soan Ismael troch him de woastyn ynstjoerd waard, wêrnei hy nei Mekka teach en dêr letter mei Ibrahim de Ka'aba werboude. Fromme moslims leauwe dat sy ôfstamje fan Ismael, wylst Joaden leauwe dat sy ôfstamje fan Izaäk.
Sûnt de fersprieding fan de Islam oer it Heine Easten is de ynfloed fan it Arabysk op de wrâld hiel grut wurden. Troch de Arabyske feroverings en de lettere arabisearring fan in protte lannen, lykas yn de Magrib, hat it tal Arabieren yn de wrâld him útwreide oant goed 206 miljoen yn distiid. Etnysk beskôge stammet mar in hiel lyts part streekrjocht ôf fan de 'earste' Arabieren. Dêrom soe it better wêze om fan 'Arabysktalige folken' te sprekken ynstee fan Arabieren.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - Arabieren